Springe nei ynhâld

Austraalje (lân)

Ut Wikipedy
Mienebêst Austraalje
Commonwealth of Australia
flagge wapen
Ingelsk: Australia ("Austraalje")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Canberra
grutste stêd Sydney
offisjele taal Ingelsk (de facto)
steatsfoarm federale parlemintêre konstitúsjonele monargy
ûnôfhinklikheid 1901
sifers
ynwennertal 23.528.053 (2014)
befolkingstichtens 2,8 / km²
oerflak 7.692.024 km² (ynkl. wetter)
7.617.930 km² (allinnich lân)
% wetter 1%
bykommende ynformaasje
folksliet Advance, Australia Fair
muntienheid Australyske dollar (AUD)
tiidsône UTC+8 – +10½
tillefoan +61
ISO 3166-koade AU
ynternetekstinsje .au
webside www.australia.gov.au

Austraalje (Ingelsk: Australia), offisjeel it Mienebêst Austraalje (Commonwealth of Australia), is in lân dat it hiele kontinint Austraalje beslacht, mei dêropta noch in grut tal oer it algemien lytse eilannen yn 'e seeën deromhinne. It is fierwei it grutste lân fan it wrâlddiel Oseaanje, sawol kwa lânmassa as wat ynwennertal oanbelanget. Neffens in skatting út 2014 hie Austraalje doe in befolking fan goed 23,5 miljoen minsken. Foar't it yn 1901 ûnôfhinklik waard, bestie Austraalje út in seistal ûnderskate Britske koloanjes. Tsjintwurdich is it in heech ûntwikkele lân dat ien fan 'e wichtichste dielen fan 'e Angelsaksyske wrâld foarmet. It hat de demokratyske steatsfoarm fan in federale parlemintêre konstitúsjonele monargy, mei de Britske keninginne Elizabeth II oan it haad.

Iere Nederlânske ûntdekkingsreizgers neamden de ûnbekende lânmassa dy't se besuden Nederlânsk-Ynje oantroffen fan Nij-Hollân (en de lytsere eilannen eastlik derfan Nij-Seelân), mar de Britten, dy't it kontinint úteinlik kolonisearren, feroaren de namme yn Australia, nei it Latynske Terra Australis, dat "Súdlân" betsjut. Tsjintwurdich wurdt Australia yn it Ingelsk yn ynformele fermiddens ek wol ôfkoarte ta Oz, wylst de ynwenners de (by)namme fan Aussies drage. In oare ynformele namme, dy't ek yn it bûtenlân gâns bekendheid krigen hat, is Downunder, wat safolle betsjut as "Underdel", en dêrmei dus ek wer ferwiist nei it Súdlân.

It Grutte Skiedingsberchtme.

Austraalje is mei in oerflak fan 7.692.024 km², dat foar 99% út lân bestiet, de op fiif nei grutste steat fan 'e wrâld, en teffens it lytste kontinint fan 'e wrâld. It wurdt oan alle kanten omjûn troch see. Yn it westen en noardwesten wurdt it begrinzge troch de Yndyske Oseaan, en yn it suden en súdwesten troch de Grutte Australyske Bocht, dy't neffens Australyske definysjes ta de Súdlike Oseaan heart, mar troch de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje ta de Yndyske Oseaan rekkene wurdt. Yn it easten en súdeasten leit de Tasmansee en yn it noardeasten de Koraalsee, dy't beide ta de Stille Oseaan hearre. Yn it noarden wurdt it lân beswette troch de Timorsee, de Arafuerasee en de Golf fan Carpentaria. Yn it uterste noardeasten foarmet de 150 km brede Torresstrjitte, tusken Austraalje en it eilân Nij-Guineä, de ferbining tusken de Koraalsee en de Arafuerasee, en dêrmei tusken de Stille en de Yndyske Oseaan.

Austraalje hat sadwaande gjin lângrinzen mei syn buorlannen, mar inkeld seegrinzen. Oare kant de Tasmansee, yn it súdeasten, leit Nij-Seelân; oarekant de Koraalsee lizze it Frânske gebietsdiel Nij-Kaledoanje en de steaten Fanûatû, de Salomonseilannen en Papoea Nij-Guineä. Oarekant de Arafuerasee en de Timorsee leit Yndoneezje, en oarekant de Timorsee leit ek East-Timor. Austraalje omfiemet ek in grut tal eilannen, wêrfan't Tasmaanje, foar de súdeastkust, fierwei it grutste is. Guon eilannen lizze yn arsjipels of op harsels isolearre yn 'e Tasmansee, de Koraalsee, de Torresstrjitte, de Timorsee, de Yndyske Oseaan en de Súdlike Oseaan. In protte fan dy eilannen binne ûnbewenne. Fierdersoan makket Austraalje oanspraak op in diel fan Antarktika, al wurdt dy oanspraak mar troch fjouwer oare lannen erkend.

Uluru (Ayers Rock), yn it Noardlik Territoarium, de hillige berch fan 'e Pitjantjatjara, en ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters fan hiel Austraalje.

Austraalje bestiet foar likernôch 70% út woastinen en woastinige steppen, dy't benammen yn it súdwesten en de hast ûnbewenne midden fan it kontinint oerhearskje: de Simpsonwoastyn, de Gibsonwoastyn, de Grutte Sânwoastyn, de Grutte Fiktoariawoastyn en de Nullarborflakte. Midden yn 'e woastyn riizje de ferneamde rotsformaasjes fan Uluru (Ayers Rock) en Kata Tjuta (The Olgas) op, dy't hillich binne foar de Aborizjinals en har ûntjûn hawwe ta toeristyske trekpleisters.

De noardlikste regio's, de Kimberley, Arnhimlân en it Kaap Yorkskiereilân, lizze yn 'e tropen en binne foar in diel oerdutsen mei tropysk reinwâld en in gerzich savannelânskip, dat by de kust oergiet yn mangrovemoerassen. Tasmaanje, yn it uterste súdeasten, hat krekt in moderearre klimaat en is begroeid mei útstrutsen tuskenbeiden reinwâlden.

Lykop rinnend mei de eastkust leit oer in lingte fan 3000 km it Grutte Skiedingsberchtme, dat yn it súdeasten de hichte fan in heechberchtme berikt mei as heechste punt de Mount Kosciuszko (2.229 m). Frijwol alle wichtige rivieren streame yn it súdeasten fan it kontinint, en de grutsten dêrfan binne de Darling en de Murray. De kusten fan Austraalje besteane foar in grut part út sânstrannen dy't ideaal binne foar toeristyske ferdivedaasje. Foar de noardeastlike kust strekt him oer in ôfstân fan 2000 km it op plakken 80 km brede Grutte Barriêrerif út, dat it grutste koraalrif fan 'e wrâld is en de iennichste libbene struktuer op 'e ierde dy't út 'e romte wei waarnommen wurde kin.

In reade reuzekangaroe.

It klimaat fan Austraalje ferskilt sterk per regio. Yn it noarden hearsket in tropysk klimaat, wylst it westen en de midden fan it kontinint in woastynklimaat hawwe. De súdwestkust, de krite om Perth hinne, hat in Mediterraan klimaat. Yn grutte parten fan it súdeasten, Tasmaanje ynbegrepen, hearsket dan wer in seeklimaat. De noardlike dielen fan Austraalje hawwe yn it simmerhealjier (tink derom, dan is it dus winter op it noardlik healrûn) te krijen mei de moessonreinen en soms ek mei tropyske sykloanen.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Austraalje is ferneamd om syn unike floara en fauna; likernôch 85% fan alle bloeiende planten, 84% fan alle sûchdieren, 89% fan alle fisksoarten dy't deun by de kust libje en mear as 45% fan alle fûgelsoarten fan it lân kamen oarspronklik nearne oars op 'e wrâld foar. It meast yn it each "springend" binne dêrby de bûdeldieren, want wa't fan "Austraalje" seit, seit ek fan "kangaroe". Oare bekende bûdeldieren binne de wallaby, de koäla, de wombat, de numbat en de Tasmaanske duvel. It grutste bûdeldier fan Tasmaanje, de Tasmaanske bûdelwolf, is lykwols om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne útstoarn. Oare ikoanyske bisten dy't ferienselvige wurde kinne mei Austraalje, binne de emoe, in grutte flechtleaze rinfûgel; de kakketoe, in famylje fan lûdroftige pappegaaiesoarten; it fûgelbekdier, ien fan 'e mar in pear sûchdieren yn 'e wrâld dy't aaien lizze; de foar minsken tige gefaarlike seekrokkedil (salty); de brumby, it ferwyldere hynder fan Austraalje; en de dingo, in wylde hûneftige dy't sa'n 3.000 jier lyn mei minsklike help yn Austraalje oankaam. Austraalje hat ek mear reptilesoarten as lykfol hokker oar lân: 755.

In koäla.

Foar de kolonisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Men giet der ornaris fanút dat it Australyske kontinint tusken 48.000 en 42.000 jier lyn foar it earst bewenne rekke troch minsken, al geane oare skattingen út fan 60.000 jier lyn. Hoe dan ek, de ierste bewenners, dat de foarâlden fan 'e hjoeddeistige Aborizjinals wiene, weagen nei alle gedachten de oerstek mei boatsjes, út 'e Yndyske Arsjipel wei, of mooglik kamen se oer de doetiidske lânbrêge, yn 'e Torresstrjitte. Ienris yn Austraalje ferspraten se har oer it hiele kontinint, wêrby't se in tradisjonele libbenswize as jagers-sammelders en/of fiskers fêstigen.

Yn it jier 150 waard der foar it earst oer Austraalje skreaun troch de Alde Griken. Hja wiene de earsten dy't it kontinint de namme fan "Súdlân" joegen. Net dat sy ea sels mar yn 'e buert fan Austraalje kamen; it wie harren mear in filosofysk gegeven: om't de wrâld doedestiden sjoen waard as in platte skiif, moast der wol in grutte lânmassa yn it suden bestean ta kompinsaasje fan al it lân yn it noarden, sadat de skiif yn lykwicht bleau. Dat der ek wier-wier in "Súdlân" bestie, wie poer tafal, en hie mei de "wittenskiplike" ûnderbouwing fan 'e teory út 'e Aldheid alhielendal neat fan dwaan. Likegoed waard troch de teory fan 'e Alde Griken in protte belangstelling foar "it Unbekende Súdlân" wekke.

In replika op wiere grutte fan 'e Endeavour, it skip dêr't James Cook yn 1770 de eastkust fan Austraalje mei ferkende.

De earste dokumintearre waarnimming fan it Australyske fêstelân troch in Jeropeaan fûn plak yn 1606, doe't de Nederlânske skipper Willem Jansz. it Kaap Yorkskiereilân ûntdiek en der op 26 febrewaris fan dat jier oan lân gie by it tsjintwurdige Weipa, oan 'e kust fan 'e Golf fan Carpentaria. Uteinlik brochten ferskate Nederlânske ûntdekkingsreizgers de hiele noard- en westkust fan Austraalje yn kaart, wylst Abel Tasman yn 1642 de east- en súdeastkust ferkende. Yn 1770 sylde de ferneamde Britske ûntdekkingsreizger James Cook by de eastkust lâns, naam dy yn besit út namme fan 'e Britske Kroan en neamde it gebiet Nij-Súd-Wales.

Nei de kolonisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it ferlies fan 'e koloanjes yn Noard-Amearika troch de ûnôfhinklikens fan 'e Feriene Steaten, yn 1783, siet Grut-Brittanje om in nij plak ferlegen om feroardiele misdiedigers hinne te deportearjen. De kar foel op Nij-Súd-Wales, en op 26 jannewaris 1788 waard dêr de earste strafkoloanje stifte, by Botany Bay, fuort besuden it hjoeddeistige Sydney. (Sadwaande wurdt de nasjonale feestdei fan Austraalje, Australia Day, noch altyd op 26 jannewaris fierd.) Fanút Botany Bay waarden al rillegau oare koloanjes stifte, dy't ien foar ien bestjoerlik fan Nij-Súd-Wales losmakke waarden. Dat begûn yn 1825, doe't Van Diemenslân (it lettere Tasmaanje) in aparte koloanje waard, folge troch Súd-Austraalje yn 1836, Nij-Seelân yn 1841, Fiktoaria yn 1851 en Queenslân yn 1859. West-Austraalje hearde nea ta Nij-Súd-Wales, mar waard yn 1828 troch de Britten kolonisearre as in aparte koloanje. Allinnich Súd-Austraalje wie nea in strafkoloanje. De deportaasje fan feroardielden hold úteinlik op nei't men dat systeem yn Grut-Brittanje yn 1853 ôfskaft hie; it lêste finzenetransport arrivearre yn 1848 yn Nij-Súd-Wales.

It âlde tichthûsgebou fan 'e strafkoloanje Port Arthur, yn Tasmaanje.

Underwilens wie de kolonisaasje fan it kontinint troch frije kolonisten al úteinset, en om 1850 hinne, doe't der op ferskillende plakken goud fûn waard en der in slimmen goudkoarts útbriek, naam dat in grutte flecht. Oarspronklik hie Austraalje bewenne west troch 750.000 oant 1 miljoen Aborizjinals, mar dy belunen fan dy tiid ôf fluch yn oantal, fral troch de besmetlike sykten dy't de Jeropeänen meibrochten en dêr't sy gjin ferwar tsjin hiene. Lykwols waard der ek geweld brûkt om harren har lân te ûntnaderjen, en fral yn súdeastlik Queenslân gie it bytiden fan beide kanten wreed om en ta. Oer it algemien wiene de Aborizjinals lykwols de frijwol warleaze slachtoffers fan wat wol omskreaun is as in útrûgingsoarloch. Nearne wie dat dúdliker en iepentliker it gefal as op Tasmaanje, dêr't tusken 1828 en 1832 de Swarte Oarloch plakfûn, in skoalfoarbyld fan genoside, wêrby't de Britske kolonisten de lânseigen befolking frijwol útrûgen, oant der noch mar sa'n 250 oer wiene, dy't tsjin 1900 útstoaren. Yn 'e tweintichste iuw wiene de Aborizjinals noch lange tiid it slachtoffer fan 'e assimilaasjepolityk fan it Australyske regear, wêrby't harren bgl. fan oerheidswegen harren bern ôfpakt waarden, sadat dy't yn blanke gesinnen (of faker ûnder blank tafersjoch yn opfanghuzen) grutbrocht wurde koene, fier fuort fan 'e ferdjerlike ynfloed fan harren âldelju.

Per 1 jannewaris 1901 waarden Tasmaanje en de fiif ûnderskate Britske koloanjes op it Australyske fêstelân gearfoege ta it Mienebêst Austraalje, dat doe in selsstannich dominion binnen it Britske Ryk waard. It is ynteressant om op te merken dat West-Austraalje, dat troch ûnbidige woastinen skaat waard fan 'e oare Britske koloanjes op it kontinint, en dat him dêr sadwaande wakker los fan seach, net belutsen wie by de earste besprekkings oer de foarming fan in Australyske federaasje, wylst Nij-Seelân dêr krekt wol yn behelle wie. Uteinlik, lykwols, bleau Nij-Seelân apart, wylst West-Austraalje by in referindum just foar tatreding ta de federaasje stimde. Hoewol't de foarming fan it mienebêst, yn 1901, beskôge wurdt as it ûnôfhinklik wurden fan Austraalje, hold it Britske regear noch lange tiid grutte macht yn Austraalje, en wie it bgl. ferantwurdlik foar bûtenlânske saken, definsje en ynternasjonale skipfeart. Dêr kaam pas in ein oan troch it Statút fan Westminster, fan 1934, dat troch Austraalje yn 1942 ratifisearre waard (mar mei weromwurkjende krêft al fanôf 1939 jildich makke waard). De stêd Melbourne wie yn 't earstoan de haadstêd fan Austraalje, oant yn 1913 Canberra as sadanich útroppen wie, mar it federale regear bleau noch oant 1927 yn Melbourne, oant it nijboude Canberra reekommen wie.

De Last Post wurdt spile by in deadebetinking op Anzac Day, te Port Melbourne, yn Fiktoaria, wijd oan 'e Australyske fallenen yn 'e Earste Wrâldoarloch.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch focht Austraalje as ûnderdiel fan it Britske Ryk oan 'e kant fan 'e Alliëarden mei, û.m. oan it Westfront en op it Turkske skiereilân Gallipoli. Fan likernôch 416.000 Australiërs dy't útstjoerd waarden, sneuvelen sa'n 60.000, wylst nochris 152.000 ferwûne rekken. In protte Australiërs beskôgje de nederlaach fan it ANZAC (Australia and New Zealand Army Corps) op Gallipoli as de berte fan harren naasje. Under de Twadde Wrâldoarloch fochten Australyske troepen op 'e nij oan 'e kant fan 'e Alliëarden mei, û.m. yn Noard-Afrika, hoewol't se fan 1942 ôf fral yn it gebiet fan 'e Stille Súdsee, yn 'e striid tsjin 'e Japanners, ynset waarden. De Britske nederlagen yn Hongkong, Malakka en Singapoer yn dat jier, en teffens it Japanske bombardemint fan Darwin, oan 'e Australyske noardkust, en de reële driging fan in Japanske ynfaazje, kamen foar Austraalje as in bysûnder ûnoangename ferrassing, en fan gefolgen rjochte it lân him fan dy tiid ôf mear op 'e Feriene Steaten as de nije beskermhear. Mei de Amerikanen en de Nijseelanners wiene de Australiërs fan ûnmisber belang foar de úteinlike oerwinning op Japan, wêrby't fral de ûnmeilydsume oarlochfiering tusken de Japanners en de Australiërs yn it oerwâld fan Papoea en Nij-Guineä oer it helske Kokoda Track neamd wurde moat. Nei de oarloch waard it bûnsgenoatskip tusken Austraalje, Nij-Seelân en de Feriene Steaten yn 1951 formalisearre yn it ANZUS-Pakt (de ôfkoarting stiet foar Australia, New Zealand, United States).

Sûnt de Twadde Wrâldoarloch is de befolking fan Austraalje sterk oanwoeksen, mei om't men yn 'e earste nei-oarlochske jierren de ymmigraasje út Jeropa wei sterk oanmoedige. Nei't yn 'e 1970-er jierren de rasistyske ymmigraasjewetten oanpast wiene, kaam ek in tafloed fan lânferhuzers út Sina, Súd-Aazje en Súdeast-Aazje op gong. Fan gefolgen binne demografy, kultuer en selsbyld fan Austraalje feroare fan dy fan in blank lân yn dy fan in multy-kulturele maatskippij. De lêste heale iuw is der hieltyd wer rebûlje ûntstien oer de fraach oft Austraalje ek net de alderlêste bannen mei Grut-Brittanje trochsnije moat troch in republyk te wurden. Yn 1999 waard dat by in folksriedplachting noch yn eltse dielsteat troch mear as 55% fan 'e befolking ôfwiisd. Lykwols is fyftjin jier letter it tinken dat it der foar 2040 wierskynlik dochs fan komme sil.

It federale parlemintsgebou yn Canberra, dat datearret út 1988.

Austraalje is demokratyske steat yn 'e foarm fan in parlemintêre konstitúsjonele monargy. Oan it haad stiet de Britske soeverein, op 't heden keninginne Charles III, dy't inkeld in seremoniële rol hat en yn Austraalje fertsjintwurdige wurdt troch har ûnderkeningen: op federaal nivo de gûverneur-generaal en yn 'e ûnderskate steaten troch de gûverneurs. Austraalje ken in skieding fan machten, en it federale regear bestiet dan ek út trije tûken:

Yn 'e Australyske polityk binne der twa grutte groepen (sawol op federaal as op steatsnivo): de loftse Australyske Arbeiderspartij en de rjochtse Koälysje, wat in formeel gearwurkingsferbân is fan 'e grutte Liberale Partij fan Austraalje en de lytsere Nasjonale Partij fan Austraalje. Dit twapartijestelsel wurdt yn stân holden troch it kiesdistriktesysteem, krekt sa't it dat ek docht yn lannen as Grut-Brittanje en de Feriene Steaten. It is ûnôfhinkliken en ferskate lytsere partijen slagge om leden keazen te krijen yn almeast de hegerhuzen fan it federale en ferskate Australyske steatsparleminten. Binnen Austraalje wurde de steaten Queenslân en West-Austraalje en it Noardlik Territoarium beskôge as yn mearderheid konservatyf, wylst Fiktoaria, Súd-Austraalje, Tasmaanje en it Australysk Haadstedsk Territoarium fierhinne progressyf binne; de steat Nij-Súd-Wales hâldt de midden tusken dy beide kampen.

Steaten en territoaria

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Government House yn Canberra, ek wol bekend as "Yarralumla", de offisjele residinsje fan 'e gûverneur-generaal.
De steaten en territoaria fan Austraalje.

Bestjoerlik is Austraalje ferdield yn in stikmannich ferskillende soarten gebieten.

Bûtenlânske saken en feiligens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Austraalje is ynternasjonaal troch syn Angelsaksyske grûnslach nau ferbûn mei Nij-Seelân, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. Austraalje hat op it mêd fan ekonomy, wittenskip en feiligens ferskillende ferdraggen en gearwurkingsferbannen mei dy lannen. Tusken 1971 en 1974 hie Austraalje mei Nij-Seelân en it Feriene Keninkryk in militêr bûn ûnder de namme ANZUK. Mei Nij-Seelân en de Feriene Steaten hat Austraalje sûnt 1951 it militêre bûn ANZUS, foar de feiligens yn it Pasifyske gebiet. Dêrneist is Austraalje in wichtige militêre partner fan de Feriene Steaten bûten NAFO-ferbân. By militêre operaasjes fan bygelyks de Feriene Steaten yn Irak en fan de NAFO yn Afganistan wienen beide kearen ek Australyske troepen fertsjintwurdige. Sûnt 1971 is Austraalje ûnderdiel fan de Five Power Defence Arrangements (FPDA), oare lannen dy't dêr oan meidogge binne Nij-Seelân, it Feriene Keninkryk , Singapoer en Maleizje. By in oanfal fan in oare steat op ien fan de beide Aziatyske lannen soenen de earste trije de Aziatyske lannen helpe moatte. Sûnt 1997 is der sprake fan mear mienskiplike manoeuvres troch foaral de loft- en seemachten fan de FPDA.[1] Austraalje is lid fan de Commonwealth of Nations en sûnt 1945 lid fan de Feriene Naasjes.

De Super Pit-goudmyn te Kalgoorlie, yn West-Austraalje, de grutste iepen myn fan Austraalje.

Austraalje is in heech ûntwikkele en ryk lân, mei yn grutte de tolfde ekonomy fan 'e wrâld en in Bruto Nasjonaal Produkt fan Au$66.984 yn 2010. De tsjinstesektor makket mei 70% fierwei it grutste part fan 'e Australyske ekonomy út. Wichtige ûnderdielen dêrfan binne it toerisme, it ûnderwiis en it bank- en fersekeringswêzen.

Om't it ryk is oan alderhanne dylchstoffen, lykas izer, goud, diamanten, bauksyt, nikkel, stienkoal en uranium, is ek de mynbou fan grut belang. De lânbou foarmet mar 3% fan it BNP, mar draacht mei wol, weet en skieppefleis substansjeel by ta de útfier. De grutste eksportmerken binne foar Austraalje: Japan, Sina, de Feriene Steaten, Súd-Koreä en Nij-Seelân, yn dý folchoarder. Austraalje is fierders mei in wynproduksje fan 'e wearde fan Au$5,5 miljard jiers de fjirde wyneksporteur fan 'e wrâld.

De Barossadelling, in wichtich wynprodusearjend gebiet yn Súd-Austraalje.

De wurkleazens lei yn Austraalje yn maaie 2012 op 5,1%. De Australyske dollar is ek net allinnich de muntienheid fan Austraalje en oerseeske gebietsdielen as Norfolk, Krysteilân en de Kokoseilannen, mar ek fan guon oare, ûnôfhinklike lannen yn Oseaanje, te witten: Kiribaty, Tûvalû en Naurû.

Sûnt de Earste Wrâldoarloch is de Australyske befolking ferfjouwerfâldige. Neffens gegevens fan 'e Australyske folkstelling fan 2011 hie it lân doe goed 21,5 miljoen ynwenners, wat lykwols mei in befolkingstichtens fan 2,8 minsken de km² útkomt op ien fan 'e leechste befolkingstichtheden fan 'e wrâld. Neffens in offisjele skatting út 2014 wie it ynwennertal doe al oanwoeksen ta rom 23,5 miljoen minsken.

De skyline fan Brisbane, de haadstêd fan Queenslân en de trêde stêd fan Austraalje.

Blanken en Aziaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't hast twa iuwen lang de mearderheid fan 'e blanke kolonisten, en dêrmei fan 'e Australyske befolking, fan 'e Britske Eilannen kaam, bestiet it meastepart fan 'e hjoeddeistige Australiërs út lju fan Britsk of Iersk komôf. Hoewol't der nei de Twadde Wrâldoarloch grutskalige ymmigraasje op gong kaam út Súd-Jeropa, East-Jeropa en de Balkan wei, hold de rasistyske ymmigraasjewetjouwing oant yn 'e santiger jierren Aziatyske lânferhuzers bûtendoar.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011, dy't basearre binne op selsidentifikaasje, en wêrby't men mear as ien etnisiteit oanfinke koe (dus it totaal komt net út op 100%), wiene doe de grutste etnyske groepen: de Ingelsen (36,1%), Angelsaksyske Australiërs (35,4 %), Ieren (10,4%), Skotten (8,9%), Italjanen (4,6%), Dútsers (4,5%), Sinezen (4,3%), Ynjers (2,0%), Griken (1,9%) en Nederlanners (1,7%). Alle Aziaten yn Austraalje mei-inoar meitsje op 't heden 12% fan 'e befolking út. Yn 2011 bestie 24,6% fan 'e befolking út ymmigranten. De grutste groepen dêrfan kamen út Grut-Brittanje, Nij-Seelân, Sina, Yndia, Itaalje, Fjetnam en de Filipinen.

It strân by Surfers Paradise, oan 'e Queenslânske Goudkust.

Lânseigen befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânseigen befolking fan Austraalje bestiet út ferskate groepen:

De Aborizjinals binne de lânseigen befolking fan it Australyske kontinint, dy't út hûnderten ferskillende folken en stammen bestiet. Fan harren wiene der yn 2011 rom 650.000. De Palawa's binne de healbloed-neikommelingen fan 'e yn 'e njoggentjinde iuw suver útrûge oarspronklike bewenners fan Tasmaanje. Hoewol't dy faak mei de Aborizjinals lykslein wurde, wie dat eins in hiel oar slach folk, dat oan har talen te fernimmen nei alle gedachten nauwer besibbe wie mei de Papoea's fan Nij-Guineä en de lânseigen stammen fan 'e Andamanen, yn 'e Golf fan Bingalen. Fan harren wiene der yn 2011 goed 19.000. De Torresstrjitte-eilanners, de oarspronklike bewenners fan 'e eilannen yn 'e Torresstrjitte, tusken Austraalje en Nij-Guineä yn, is wer in hiel oar slach folk. Dat binne Melaneziërs, dy't it neiste besibbe binne mei de befolking fan 'e eilannen fan 'e súdwestlike Stille Súdsee, lykas Fidzjy, Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden en de Salomonseilannen. Yn 2011 wiene der 48.000 Torresstrjitte-eilanners, fan wa't de grutte mearderheid trouwens op it Australyske fêstelân wenne.

De haven fan Sydney, de grutste stêd fan Austraalje, mei op 'e foargrûn it ikoanyske Opera House.

De Australyske Súdsee-eilanners of Kanaka's hawwe wer in hiel oare skiednis, en hja wurde ornaris net as diel fan 'e lânseigen befolking beskôge. Lykwols kinne ek sy yn Austraalje beskate rjochten jilde litte, yn oanmerking nommen hoe't se der kommen binne. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene der nammentlik op 'e sûkerreidplantaazjes fan sintraal en noardlik Queenslân in protte en leafst sa goedkeap mooglike wurkkrêften nedich. Dêrom waarden doe de Kanaka's oanlutsen fan 'e eilannen yn 'e Stille Súdsee, lykas Nij-Kaledoanje, de Salomonseilannen, de Nije Hebriden en Fidzjy. In grut diel fan dy lju kaam lykwols net út eigen wil oer, mar waard ronsele of planút ûntfierd troch wat feitlik blanke slavekeaplju wiene. It slaveheljen op 'e eilannen stie bekend as blackbirding. Hja waarden tsjin har wil nei Queenslân ta brocht, dêr't se yn in sitewaasje fan iepentlike of ferkapte slavernij telâne kamen. Nei't Queenslân op 1 jannewaris 1901 in steat fan 'e Australyske Federaasje wurden wie, waard der rasistyske wetjouwing ynfierd dy't ymmigraasje beheinde ta blanken, wêrnei't de measte Kanaka's sûnder pardon it lân út bonsjoerd waarden. Lykwols libje der tsjintwurdich benammentlik yn Queenslân noch altyd sa'n 200.000 neikommelingen fan 'e Kanaka's, dy't har no Súdsee-eilanners neame (mei't se "Kanaka" as in denigrearjende beneaming beskôgje).

Yn 2011 makken de Aborizjinals (ynkl. de Palawa's) en de Torresstrjitte-eilanners mei-inoar 2,5% fan 'e Australyske befolking út, wat mei in totaal fan hast 720.000 in hiel ferskil is mei de krapoan 116.000 dy't by de folkstelling fan 1976 teld waarden. Behalven by natuerlike befolkingsgroei moat de oarsaak dêrfan ek socht wurde yn it feit dat it erfskip fan in protte Aborizjinals yn it ferline net of net goed fêstlein wie. De lânseigen befolking libbet yn Austraalje noch altyd oan 'e ûnderkant fan 'e maatskippij. Trochinoar krije se minder ûnderwiis en ûnderfine se in hegere wurkleasheid as blanke Australiërs. Kriminaliteit en alkoholisme komt by harren folle mear foar, wylst harren libbensferwachting tusken de 11 en 17 jier leger leit as it Australysk gemiddelde.

In loftfoto fan Perth, de haadstêd fan West-Austraalje en yn grutte de fjirde stêd fan Austraalje.

Op it mêd fan godstsjinst bestie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 61,1% fan 'e befolking fan Austraalje út kristenen (wêrûnder 25,3% roomsen en 17,1% anglikanen. Ateïsten en agnosten foarmen 22,3% fan 'e befolking, wylst de oanhingers fan alle oare religyen mei-inoar 7,2% fan 'e Australiërs útmakken. De grutste fan dy oare religyen wie it boedisme (2,5%), folge troch de islaam (2,2%); it hindoeïsme (1,3%) en it joadendom (0,5%). De rest fan 'e respondanten fan 'e folkstelling (9,4%) folle gjin of gjin adekwaat andert yn. Neffens âldere sifers, út 1996, wiene der doe yn totaal 7.000 lju dy't ien fan 'e natoerreligyen fan 'e Aborizjinals oanhongen.

Hoewol't Austraalje gjin offisjele taal hat dy't as sadanich by wet fêstlein is, ferfollet it Ingelsk de facto de funksje fan nasjonale taal. It Australysk-Ingelsk wurdt by túltsjes ek wol Strine neamd, nei de flugge Australyske útspraak fan it wurd Australian as [stɹain]. It is in tige werkenbere foarm fan it Ingelsk dy't him û.m. ûnderskiedt troch de knauwende útspraak, it oansprekken fan Jan en alleman mei mate ("maat") en it ôfkoartsjen fan wurden mei foarmen dy't einigje op -ie of -o, lykas Aussie foar Australian ("Australiër"), prozzie foar prostitute ("prostituee"), journo foar journalist ("sjoernalist") en doco foar documentary ("dokumintêre").[2] Nei it Ingelsk binne de meast sprutsen talen yn Austraalje: it Mandarynsk (1,7%), Italjaansk (1,5%), Arabysk (1,4%), Kantoneesk (1,3%), Gryksk (1,3%) en Fjetnameesk (1,2%). De Australyske dôvegebeartetaal Auslan is it wichtichste medium foar kommunkaasje fan 'e 5.500 dôven yn Austraalje.

Utsjoch op Melbourne, de haadstêd fan Fiktoaria, en de twadde stêd fan Austraalje.

De Australyske Aborizjinals sprekke sa'n 230 ferskillende talen (foar de kolonisaasje moatte dat der tusken de 250 en de 300 west hawwe). Al dy talen binne klassifisearre yn 28 taalgroepen, wêrfan't men tinkt dat se allegear besibbe binne en mei-inoar de Australyske taalfamylje foarmje. Op ien nei wurde al dy taalgroepen sprutsen yn in relatyf lyts gebiet dat it noarden fan West-Austraalje, it Noardlik Territoarium en Queenslân beslacht (oftewol 8% fan it Australyske grûngebiet). Yn kontrast dêrmei hearre alle talen op 'e rest fan it kontinint ta ien en deselde taalkloft, dy fan 'e Pama-Nyungaanske talen, mei hjoed de dei noch sa'n 50 libbene talen. Mei-inoar hiene alle Aborizjinal-talen yn 2006 52.000 sprekkers, wat delkomt op 7,2% fan 'e totale Aborizjinal-befolking. De grutste Aborizjinal-talen binne it Tiwy (Tiwi), it Warlpiry (Warlpiri), it Mabûjak (Mabuyag) en it Westwoastynsk (Western Desert).[3]

De talen fan 'e lânseigen befolking fan Tasmaanje, dy't yn 'e regel mei de Papoeatalen en de Andamaanske talen klassifisearre wurde yn 'e Yndo-Pasifyske taalfamylje (en dus net besibbe wiene mei de Australyske talen) binne allegear útstoarn, mar de Palawa's besykje in út âlde wurdlisten rekonstruëarre taal, it Palawa Kany, nij libben yn te blazen. De Torresstrjitte-eilanners sprekke twa lânseigen talen, wêrfan't de iene, West-Sintraal Torresstrjitte-eilânsk, in Australyske taal is, wylst de oare, Eastlik Torresstrjitte-eilânsk, ta de Papoeatalen heart. Dêrnjonken hawwe sawol de Aborizjinals as de Torresstrjitte-eilanners in eigen, op it Ingelsk basearre kreoalske taal. Dat binne it Aborizjinal-Kreoalsk of Kriol, dat mear as 20.000 sprekkers hat yn it noardwesten fan it Noardlik Territoarium en it noarden fan West-Austraalje, en it Torresstrjittekreoalsk of Torres Strait Broken, dat in offisjele status hat op 'e Torresstrjitte-eilannen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Austraalje (lân) – geografyske en histoaryske kaarten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Le Monde diplomatique, 12 maart 2010: Starke kleine Armee (sjoen op 17 july 2014)
  2. Butler, Susan, et al., Australian Phrasebook, Hawthorn, 1998 (Lonely Planet), ISBN 0 86 44 25 767
  3. Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163

boarnen:
Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Bibliography en Further reading, op dizze side.


 
              Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
· · Berjocht bewurkje
  翻译: