Springe nei ynhâld

De Hadel

Ut Wikipedy
De Hadel
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Saandam
adres Zeilenmakerspad
koördinaten 52° 28' N 4° 498' E
bysûnderheden
type mûne wipmûne
funksje trochspielen fan sleatten
flecht 8,05 m
boujier ûnbekend,
werbou yn 1958 en 1968
oare ynformaasje
eigner Stifting De Zaanse Schans
monumintale status gemeentlik monumint
Kaart
De Hadel (Saanstêd)
De Hadel

De Hadel is in wipmûntsje oan 'e Saanske Skâns yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd. De greidemûne meallet it wetter fan 'e sleatten om it te ferfarskjen; it mûntsje hat gjin funksje mear as poldermûne.

De mûne komt oarspronkelik út it buorskip Broerdijk by Midwoud en bemealle dêr tegearre mei twa oare greidemûnen in polder, dy't earder ûntstie troch twa lytse polderkes gear te foegjen. De Hadel wie fan dy trije greidemûnen de noardlike. De súdlike greidemûne stie noardwest fan Midwoud en de westlike wie al foar 1929 troch in wynmotor ferfongen.

Mei de bou fan in gemaaltsje yn 1948 ferdwûn it súdlike greidemûntsje. De wynmotor bleau noch in skoft draaien en de noardlike greidemûne rekke brekfallich, mar waard yn 1957 oankocht troch de dûmny fan Benningbroek om de mûne yn 'e tún fan 'e pastorij op te bouwen.

Nei't it mûntsje oerdroegen waard oan 'e Stifting De Saanske Skâns waard de mûne yn 1968 op syn hjoeddeiske plak werboud om de sleatten yn it gebiet troch te spielen. De mûne hat troch de bebouwing om him hinne op 'e hjoeddeiske lokaasje te lijen fan in minne wynfang, mar draait regelmjittich. It mûntsje is in gemeentlik monumint.

De namme fan 'e mûne is net de histoaryske namme fan 'e greidemûne; it is de âlde namme fan 'e polder dêr't de mûne no stiet.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
· · Berjocht bewurkje
  翻译: