Springe nei ynhâld

Kelten

Ut Wikipedy
De fersprieding fan de Kelten

Mei Kelten wurdt in samling folken en stammen oantsjutten dy't yn it millennium foar it begjin fan ús jiertelling en de iuwen dêrnei in Keltyske taal sprutsen. It is benammen in linguïstyk begryp.
De foarâlden fan dat folk fersprate harren fanút in kerngebiet yn Sintraal-Jeropa (it hjoeddeistige Súd- Dútslân en Eastenryk) yn westlike en eastlike rjochting. Om it begjin fan ús jiertelling befolke Keltyske stammen de Britske Eilannen, Frankryk, it Ibearysk Skiereilân en parten fan Midden-Jeropa en de Balkan. Fan komôf wie it in Yndogermaanske ras, ôfkomstich út it suden fan Sintraal- Aazje.
De Keltyske taal heart by de Yndo-Jeropeeske talen. Troch de ynfloeden fan bûtenôf hie de Keltyske beskaving in heterogeen karakter.
Kenmerkjend foar de opelkoar folgjende Keltyske kultueren binne de Hallstatt-kultuer, de La Tène-perioade folge troch de Gallo-Romeinske perioade (sjoch op it kaartsje hjirneist).

Der rûnen in soad hannelsrûtes dwers troch Jeropa. Sa waard bygelyks it hiele kontinint foarsjoen fan produkten dy’t om de Middellânske See hinne makke wienen. Ta de folken wêrmei't de Kelten hannelen hearden de Griken, Romeinen en Sinezen. De Kelten hienen in ûntwikkele beskaving. Se bouden doarpen, diken en brêgen.

De Kelten wienen masters yn it bewurkjen fan izer en yn it smeien fan gouden en sulveren sieraden. Se wienen de earsten dy’t de keunst fan it emaillearjen ûnder de knibbel hienen. Mei de help fan in draaiskiif makken se ierdewurk. Yn Keltyske ûntwerpen spylje sirkels in wichtige rol.

It Keltyske folk bestie út in los ferban fan ûnôfhinklike stammen, dy’t laat waarden troch in klasse fan ruters. Wichtich wienen de preesters dy’t druïden neamd waarden. De boeren foarmen de grutste befolkingsgroep. Sy bewurken it lân mei in ploech mei izeren punten en ferbouden nôt. Om 500 f.Kr. hinne, wennen de Kelten yn in grut gebiet. Fan de Atlantyske Oseaan oant de Ryn en fan It Kanaal oant de Pyreneën. De Kelten foarmen as it ware in keatling fan stammen.

De Keltyske stammen kamen op seker stuit yn oarloch mei de Romeinen. It wie in ûngelikense striid. De Keltyske stammen wienen mei-inoar ferbûn troch bloedbannen, sy foarmen in los ferbân fan stammen, dêr't in politike ienheid ûntbruts. It wienen ek goeie krigers mar se wienen net goed organisearre. It Romeinske Ryk wie dêr tsjinoar tige goed organisearre. It folk fan de Kelten is opgien yn it Romeinske Ryk.

Neffens skriftlike ferslaggen fan Romeinske skriuwers wienen de Kelten tige kriichshaftich. Se strieden faak neaken en mei kalk en liem opstive hierren ta in soart punkkapsel. Faak wurken de striders har op ta in steat fan razernij wêrtroch't se yn de striid gjin wurgens of eangst fielden. Se gienen dan troch oant se dea wienen of wûn hienen.

Keltysk symboal

Yn de Keltyske kultuer spilen miten en leginden mei natuergoaden, hillige boarnen en wijde beammen in wichtige rol. By feesten waard in soad alkohol brûkt en der wie in bard by dy't ferhalen fertelde of song.

De Keltyske kultuer libbet noch hieltyd yn Ingelân, Skotlân, Wales, Ierlân en Bretanje en op it eilân Man. De muzikale woartels binne no noch te hearren by de groep Clannad en de sjongeressen fan Enya.

Dat de Kelten harren oer in grut gebiet ferspraat hawwe is noch yn in soad wurden te hearren. Lykas de eigennamme te werkennen is oan it wurd “Gal” foar Kelt.

In boerd mei dêrop in Keltyske taal, it Welsk

Keltyske folken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  翻译: