Springe nei ynhâld

Mad Max (film)

Ut Wikipedy
Mad Max
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Miller
produsint Byron Kennedy
senario James McCausland
George Miller
kamerarezjy David Eggby
muzyk Brian May
filmstudio Kennedy Miller Productions
distribúsje Roadshow Film (Austraalje)
American Internat. Pict. (Fer. St.)
Warner Bros. (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Mel Gibson
Joanne Samuel
Hugh Keays-Byrne
byrollen Steve Bisley
Tim Burns
Geoff Parry
Roger Ward
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
premiêre 12 april 1979
foarm langspylfilm
sjenre dystopyske aksjeskrillerfilm
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $520.000-595.000
opbringst $100 miljoen
prizen 4 × AACTA Award
filmsearje
filmsearje Mad Max
● folgjend diel Mad Max 2: The Road Warrior

Mad Max is in Australyske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aksjeskriller út 1979 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Mel Gibson, Joanne Samuel en Hugh Keays-Byrne. De titel betsjut "Mâle Max". It ferhaal giet oer Max Rockatansky, in plysjeman dy't tsjin 'e eftergrûn fan 'e maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer behelle rekket yn in deadlike fete mei in ûnmeilydsume motorbinde. Mad Max krige polarisearre resinsjes fan 'e filmkritisy. Hoewol't it in lowbudgetfilm wie, brocht de film wrâldwiid mear as $100 miljoen op en fêstige dêrmei in wrâldrekôr foar de geunstichste ferhâlding fan opbringst tsjin kosten fan alle produksjes út 'e filmskiednis. It wie it begjin fan 'e Mad Max-filmsearje, dy't anno 2021 noch altyd (of wer) rint. Mad Max wurdt no rûnom as in cultklassiker sjoen. De film foarme ek de trochbraak foar akteur Mel Gibson.

Yn in dystopysk Austraalje, "oer in pear jier", fermoardet Crawford "Nightrider" Montazano, in lid fan in kriminele motorbinde, in jonge plysjeman fan 'e Main Force Patrol (MFP), de plysjetsjinst dy't oer de snelwegen giet. De moardner ûntkomt yn in Pursuit Special-plysje-auto en it slagget him om 'e efterfolgjende leden fan 'e MFP foar te bliuwen oant Max Rockatansky, de efterfolgingsekspêr fan 'e plysjetsjinst, him mei de saak bemuoit. Dyselde fersteurt de konsintraasje fan Nightrider as de beide mannen mei tige hege faasje oer de wei jeie, mei as gefolch dat Nightrider ferûngelokket en omkomt yn syn ûntploffende auto.

Yn 'e garaazje fan 'e MFP kriget Max neitiid in swarte Pursuit Special te sjen mei in V8-motor mei supercharger. Ut in petear fan Max syn direkte superieur Fred "Fifi" Macaffee en plysjekommissaris Labatouche docht bliken dat de Pursuit Special opfierd is by wize fan 'omkeapsom' om't men bang wie dat Max fan doel wie by de MFP wei te gean.

Underwilens wurdt in doarp terrorisearre troch deselde motorbinde dêr't ek Nightrider ta hearde, en dy't oanfierd wurdt troch Toecutter en Bubba Zanetti. De bindeleden fandalisearje de eigendommen fan 'e doarpelingen en stelle branje. Ek besingelje se in jong stel yn in auto, wêrnei't se dy total loss slane en sawol it fanke as de jongeman ferkrêftsje. Max en syn kollega Jim "Goose" Rains arrestearje yn it doarp Johnny the Boy, in jong lid fan 'e motorbinde dy't in favoryt is fan Toecutter. As lykwols noch de beide slachtoffers fan 'e ferkrêfting, noch lykfolwa fan 'e doarpelingen tsjin Johnny the Boy tsjûgje wol út eangst foar represailles fan 'e oare leden fan 'e motorbinde, hat de rjochter gjin oare kar as om 'e arrestant gean te litten, al hoe't Goose him dêr ek tsjin oankantet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Goose dy jûns nei in nachtklub giet, sabotearret Johnny the Boy syn plysjemotorfyts. De oare deis, as Goose dermei op 'en paad is, komt de motor mei hege faasje fêst te sitten yn 'e fersnelling. Goose crasht, mar bringt it der tsjin alle ferwachting yn ûnskansearre ôf. Hy lient in pick-uptruck om syn motor werom te bringen nei it haadkertier fan 'e MFP, mar ûnderweis dêrhinne smyt Johnny in trommelrem troch it foarrút, mei as gefolch dat Goose fan 'e dyk ôf rekket en ferûngelokket. Op oankringen fan Toecutter goait Johnny neitiid in baarnende lusifer yn it autowrak, sadat de benzine yn flammen útbarst en de noch libbene, mar fêstsittende Goose libben ferbrânt.

Nei't er it ferkoalde lichem fan Goose op 'e intensive care-ôfdieling fan it sikehûs sjoen hat, jout Max ta oan 'e desyllúzjonearring mei it plysjewurk dy't him al langer parten spilet. Hy stapt nei Fifi ta om syn ûntslach yn te tsjinjen, mar dyselde bepraat him om earst ris in skoftke mei betelle ferlof te gean en der noch ris goed oer nei te prakkesearjen.

Max nimt syn frou Jessie en harren soan, in pjut dy't inkeld 'Sprog' neamd wurdt (Australysk-Ingelsk foar "bern" of yn dit gefal "jonkje"), mei op fakânsje yn in camper. As se op in stuit hohâlde om 'e reservebân te reparearjen, nimt Jessie Sprog mei om in iisko te keapjen. Se komme Toecutter en de rest fan 'e motorbinde tsjin, dy't besiket om Jessie seksueel oan te taasten, mar hja skopt him yn it krús en spilet fan rutens yn 'e camper.

Jessie flechtet mei Sprog nei in ôfhandich leine pleats dy't eigendom is fan in âldere frou, May Swaisey, mei wa't de Rockatansky's befreone binne. Toecutter en syn binde efterfolgje har en besykje har yn 'e bosk yn in mûklaach rinne te litten, mar mei de help fan May wit Jessie op 'e nij mei Sprog te ûntkommen. As se lykwols fuortride sil, skansearret se by fersin de camper, wêrfan't de motor oerferhjitte rekket. Jessie besiket mei Sprog geandefoets út te naaien, mar de leden fan 'e motorbinde oerride harren mei opsetsin, wêrby't Sprog op slach dea rekket, wylst Jessie yn koma yn it sikehûs komt te lizzen, dêr't se úteinlik beswykt oan har ferwûnings.

Troch it ferlies fan wiif en bern draait Max alhiel troch en beslút er it rjocht yn eigen hân te nimmen. Hy docht syn plysje-unifoarm oan en stelt de swarte Pursuit Special út 'e MFP-garaazje om dêrmei de motorbinde te efterfolgjen en út te skeakeljen. Hy fermoardet ferskate bindeleden troch se mei hege faasje fan in brêge ôf te ramen. Dan set er in mûklaach op dy't resultearret yn 'e dea fan Bubba Zanetti en letter twingt er Toecutter op syn motorfyts út te wiken yn it paad fan in oanstoarmjende truck mei oplizzer, sadat er deariden wurdt.

Uteinlik spoart Max Johnny the Boy op by it wrak fan in auto, dêr't de dwaande is mei it stellen fan 'e learzens fan 'e deade bestjoerder. Max oermasteret him, set him mei hânboeiens fêst oan it autowrak en stelt dan in primitive tiidbom yn wurking troch in benzinelek te kombinearjen mei Johnny syn eigen oanstekker. Ear't er fuortriidt, smyt er de om genede smekende Johnny in izerseage ta, sadat er de kar hat om 'e hânboeiens troch te seagjen, wat er nea oprêde sil foar't it autowrak ûntploft, of syn eigen hân ôf te seagjen, wat him in kâns op ûntsnapping biede kin. As Max fuortriidt, ûntploft efter him it autowrak.

Mel Gibson yn 1985.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Max Rockatansky Mel Gibson
Jessie Rockatansky Joanne Samuel
Toecutter Hugh Keays-Byrne


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jim "Goose" Rains Steve Bisley
Johnny the Boy Tim Burns
Bubba Zanetti Geoff Parry
Fred "Fifi" Macaffee Roger Ward
plysjekommissaris Labatouche Jonathan Hardy
Crawford "Nightrider" Montazano Vincent Gil
Sprog Brendan Heath
May Swaisey Sheila Florence
Charlie John Ley
Roop Steve Millichamp
faam fan Nightrider Lulu Pinkus
plysjeradiobetsjinster Karen Moregold
kertiermaster plysjeburo Reg Evans

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mad Max wie in lowbudgetfilm dy't makke waard troch regisseur George Miller en produsint Byron Kennedy. Miller fan oarsprong in dokter yn in sikehûs yn Sydney mei in libbene belangstelling foar de filmyndustry. Hy mette Kennedy doe't er yn 'e simmer fan 1971 in kursus oer filmmeitsjen folge, wêrnei't de beide mannen in koarte film makken, Violence in the Cinema, Part 1, dy't op in stikmannich filmfestivals fertoand waard en ferskate prizen wûn. It idee foar Mad Max kaam fierhinne fan Miller. De film waard makke foar in budget fan 350.000 oant 400.000 Australyske dollar, wat delkomt op 520.000 oant 595.000 Amerikaanske dollar (net oanpast foar ynflaasje). Miller en Kennedy rjochten foar de produksje fan Mad Max harren eigen filmstudio op, Kennedy Miller Productions (no Kennedy Miller Mitchell).

Mei't Miller út it essay Raising Kaine, fan 'e Amerikaanske filmkritika Pauline Kael, opmakke hie dat de measte Amerikaanske senarioskriuwers harren wurkpaad úteinset wiene as sjoernalist, besleat er in sjoernalist yn te hieren om it skript foar syn film te skriuwen. Dat waard James McCausland, mei wa't Miller op in feest oan 'e praat rekke wie oer harren mienskiplike leafde foar films. McCausland, dy't gjin inkele ûnderfining as senarioskriuwer hie en him ek net yn dat soarte wurk ferdjippe nei't er derfoar frege wie, krige in salaris fan rûchwei $3.500 foar in jier wurk. Hy skreau eltse jûn fan sân oere oant midsnacht, wêrnei't Miller moarns om seis oere, foar't er nei syn eigen wurk gie, delkaam om it diene wurk mei him troch te nimmen. Miller gie oer de plot fan it senario, mar de karakteristyk blomrike dialooch fan 'e film kaam fierhinne út 'e koker fan McCausland.

In replika fan 'e plysje-auto fan Max Rockatansky yn 'e film.

Miller hie oarspronklik de Iersk-Australyske akteur James Healey op it each foar de titelrol yn syn film, mar hoewol't dyselde op dat stuit yn in slachthûs wurke om't er gjin aktearwurk fine koe, wiisde er it oanbod fan Miller ôf om't er neat yn it senario fan Mad Max seach. Neitiid seach casting director Mitch Mathews om him hinne yn 'e klasse akteurs dy't krekt ôfstudearre wiene oan it Nasjonaal Ynstitút foar Dramatyske Keunst (NIDA) yn Sydney. Ien fan dejingen dy't audysje die foar de rol fan Max Rockatansky wie Mel Gibson, dy't Miller-en-dy sadanich wist te ymponearjen mei syn aktearjen, dat er de rol krige.

Syn maat en klasgenoat Steve Bisley waard cast yn 'e rol fan Goose. Rosie Bailey krige de rol fan Max syn frou Jessie taparte, mar doe't se ferwûne rekke by in ûngelok mei in motorfyts twa wiken nei't de opnamen begûn wiene, moast de rol wercast wurde en gied er nei Joanne Samuel. De leden fan 'e motorbinde wiene, alteast wat de figuranten oanbelange, leden fan in echte Australyske motorbinde, dy't yn 'e film harren eigen motors beride.

De opnamen foar Mad Max fûnen yn 'e omkriten fan Melbourne plak fan novimber 1977 oant maaie 1978 mei ferskate grutte tuskenskoften. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Eggby. Regisseur George Miller omskreau de produksje fan Mad Max as "guerrilja-filmmeitsjen", wêrby't de filmcrew op eigen manneboet en sûnder fergunning wegen ôfsleat, en gjin portofoans brûkte om't dy deselde frekwinsje hiene as de plysjeradio. Nei ôfrin fan 'e opnamen fagen Miller en Kennedy eigenhandich de dyk skjin om gjin bewiis fan harren oanwêzigens efter te litten. Neigeraden dat de produksje eine, krige de plysje fan Fiktoaria belangstelling foar de film en begûnen plysjes aktyf mei te helpen troch auto's te eskortearjen of wegen ôf te setten.

De postproduksje fan Mad Max waard ferrjochte yn it appartemint fan in maat fan Kennedy. De filmmontaazje waard dêr dien troch Kennedy, Miller en Tony Paterson op in eigenmakke montaazjemasine dy't Kennedy syn heit, in masinewurker, foar harren makke hie. Nei fjouwer moanne heakke Paterson ôf om't er oannommen wie as filmeditor foar in oare ûnôfhinklike film, Dimboola. Miller sette it wurk noch in fearnsjier fuort mei Cliff Hayes, wêrnei't hy en Kennedy de úteinlike cut makken. Ek de lûdsmontaazje waard yn itselde appartemint dien troch Miller en Kennedy. De filmmuzyk waard fersoarge troch de Australyske komponist Brian May (net te betiizjen mei de Ingelske muzikant fan 'e band Queen).

De distribúsje fan Mad Max waard yn Austraalje fersoarge troch Roadshow Film (no Village Roadshow Pictures), yn 'e Feriene Steaten troch American International Pictures en yn oare lannen en territoaria troch Warner Bros. De film gie op 12 april 1979 yn 'e Australyske bioskopen yn premiêre. Yn 'e Feriene Steaten waard it Australysk-Ingelsk fan 'e akteurs neisyngronisearre mei Amerikaansk-Ingelske stimmen. Pas yn 2000 waard Mad Max yn Noard-Amearika foar it earst útbrocht mei de oarspronklike stimmen.

In replika fan 'e swarte Pursuit Special mei supercharger fan Max Rockatansky út 'e klimaks fan Mad Max.

Mad Max waard ferbean yn Nij-Seelân en Sweden. Yn Nij-Seelân waard der it near op lein om't de sêne wêryn't Goose yn syn auto libben ferbaarnd wurdt by tafal in wier foarfal werspegele koart foar't de film útkaam, wêrby't ek immen troch in binde yn syn auto libben ferbaarnd wie. Nei it súkses fan 'e ferfolchfilm Mad Max 2: The Road Warrior kaam Mad Max yn 1983 yn Nij-Seelân dochs noch yn 'e bioskoop. Yn Sweden waard it ferbod pas yn 2005 opheft.

Yn 'e 1980-er jierren waard Mad Max troch Warner Bros. útbrocht as VHS-keapfideo. De film kaam op 1 jannewaris 2002 foar it earst út op dvd en op 5 oktober 2010 foar it earst op blu-ray.

Mad Max krige polarisearre resinsjes fan 'e filmkritisy: guon fan harren fûnen it in prachtige film en in sterk staaltsje filmmeitsjen, wylst oaren der alhiel neat fan hawwe moasten. Sa skreau de Australyske kritikus en filmprodusint Phillip Adams dat de film "alle emosjonele ferheffing fan Mein Kampf" hie en dat er grif in favoryt wurde soe fan "ferkrêfters, sadisten, bernemoardners en [Charles] Mansons yn 'e dop." Yn The New York Times omskreau Tom Buckley Mad Max as "ûnsjoch en ynkoherint". Skriuwer Stephen King neamde de film yn it boek Danse Macabre "in fiasko". It tydskrift Variety priizge lykwols de film as gehiel en de rezjy fan Miller.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Mad Max in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 60 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er de ûnwierskynlike autostunts en -ûngelokken perfekt neibeart, slagget regisseur George Miller folslein yn syn opset om 'e gewelddiedige, post-apokalyptyske wrâld fan [de film] ta oangripend libben te bringen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Mad Max in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 14 resinsjes.

It Spotswoodgemaal yn Fiktoaria gie yn 'e film troch foar it haadkertier fan 'e Main Force Patrol.

Mad Max brocht yn 'e bioskopen yn Austraalje A$5,4 miljoen op (US$8,0 miljoen), en yn alle oare lannen en territoaria goed US$92 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op mear as US$100 miljoen. Ofset tsjin it budget fan US$520.000 oant 595.000 betsjut dat in winst fan teminsten US$99,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei kaam de film yn it Guinness Book of World Records mei it wrâldrekôr foar de geunstichste ferhâlding fan opbringst tsjin kosten fan alle produksjes út 'e filmskiednis.

Mad Max waard yn 1979 nominearre foar acht AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmpriis, wêrûnder yn 'e kategoryen bêste film, bêste rezjy, bêste oarspronklike senario en bêste byrol fan in akteur (Hugh Keays-Byrne). De film wûn de AACTA's foar bêste lûd, bêste filmmuzyk en bêste filmmontaazje, en dêropta waard oan stuntman Grant Page de Spesjale Priis foar Stuntwurk takend.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Mad Max (filmsearje)
Mad Max (1979) • Mad Max 2 (1981) • Mad Max Beyond Thunderdome (1985) • Mad Max: Fury Road (2015) • Furiosa: A Mad Max Saga (2024)
  翻译: