Springe nei ynhâld

Rothenburg ob der Tauber

Ut Wikipedy
Rothenburg ob der Tauber
Plönlein.
Plönlein.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Beieren
lânkring Ansbach
Stedsyndieling 39 gemeentedielen
Sifers
Ynwennertal 11.347 (2022)
Oerflak 41,67 km²
Befolkingsticht. 272 ynw./km²
Hichte 430 m
Oar
Postkoade 91541
Koördinaten 49° 22' N 10° 10' E
Offisjele webside
www.rothenburg.de
Kaart
Rothenburg ob der Tauber (Beieren)
Rothenburg ob der Tauber

Rothenburg ob der Tauber is in stêd yn 'e lânkring Ansbach yn 'e Dútske dielsteat Beieren. Om 't de stêd foar in grut part syn midsiuwske oansjen bewarre hat, wurdt de stêd drok besocht troch toeristen.

Rothenburg ob der Tauber leit oan 'e eastlik fan 'e Tauber en oan 'e toeristyske Romantische Straße.

Rothenburg leit likernôch 80 km fan Neurenberch en oan 'e râne fan it natoerpark Frankenhöhe. Lykas de namme al seit streamt de Tauber by it plak lân.

Lokaasje fan it eardere kastiel Rothenburg mei de noch besteande Blasiuskapel.

Yn 'e twadde helte fan 'e 11e iuw stiften de greven fan Comburg-Rothenburg yn it gebiet fan it lettere Rothenburg in kastiel. Fan dat kastiel is fierder neat oerbleaun, mar neffens ûndersyk soe dat kastiel tichteby it hjoeddeiske Spitalhof stien ha. Kening Koenraad III krige yn 1142 it plakje Detwang, dêr ek in útrinner fan in berch by hearde, dy't tsjintwurdich yn it noardwesten fan 'e stêd leit. Dêr liet de kening it kastiel Rothenburg bouwe. Wis is dat kening Koenraad III yn 1150 yn Rothenburg west hat. Mooglik waard it kastiel troch de ierdskodding fan 1356 ferneatige of teminsten slim skeind, mar dat is noch altiten in striidkwestje. Rothenburg krige yn it jier 1172 stedsrjochten fan keizer Freark I.

Fan 1274 oant 1803 wie Rothenburg in frije ryksstêd. Yn 'e hege midsiuwen waard Rothenburg in belangrike hannelstêd. De keaplju wiene û.o. aktyf yn Itaalje en Praach. Boppedat wie der in grutte beafeart nei de relikwy fan it Hillich Bloed. Mei 5.000 oant 6.000 ynwenners wie Rothenburg ien fan 'e gruttere stêden yn it Hillige Roomske Ryk. Dêrfan wiene likernôch 10% joaden.

Sint-Jacobustsjerke.

Mei de bloei fan 'e stêd yn 'e 15e iuw koene ek gruttere gebouwen boud wurde. De Sint-Jakobustsjerke is de grutste tsjerke fan Rothenburg. De goatyske basilyk ûntstie tusken 1311 en 1484. Ynearsten wie de Dútske Oarder de opdrachtjouwer, mar yn 'e rin fan 'e tiid betellen de ynwenners de bou. De âldere dielen fan it riedshûs datearje út de 13e iuw. It yn 1505 ôfbaarnde foarste diel wie wat jonger, mar wie ek noch yn 'e goatyske styl boud. Op dat plak waard tusken 1572 en 1578 in boudiel yn 'e renêssânsestyl boud, dat ek hjoed-de-dei noch bestiet.

Yn 1544 waard de reformaasje definityf ynfierd.

Nei in Sweedske besetting fan 'e stêd oermasteren keizerlike troepen ûnder lieding fan Tilly yn 1631 Rothenburg. De stêd waard nei alle gedachten yn 'e nacht fan 30 nei 31 oktober frijjûn foar plondering en de stedsried waard finzen set en mei de dea bedrige, mar de Rothenburgers slaggen der yn om Tilly der fan te oertsjûgjen dat hja net mei de Sweedske troepen ûnder ien tekken spilen doe't de Sweden earder it keizerlike troepenferbân ûnder Alessandro Massoni fersloegen, wêrnei't de Sweden de stêd ynnimme koene. Mooglik hie ek de stedsbefolking him op 'e Merk fersammele en him dêr om genede frege. Der wurdt boppedat oannommen dat Tilly gjin werhelling woe fan wat der earder yn maaie dat jier yn Maagdeburch bart wie, dêr't de plonderingen en brân ta de dea fan 20.000 minsken late. Nei de Tritichjierrige Kriich ferlear de stêd syn betjutting, mar it bleau in kultureel sintrum foar in grut gebiet. Mei de tige stadige ûntwikkeling fan 'e stêd bleau in grut part fan it âlde oansjen bewarre.

De leginde dat de de doetiidske âld-boargemaster Georg Nusch op befel fan Tilly 3¼ liter wyn yn ien kear opsûpte en dêrmei de stêd foar ferneatiging wist te sparjen ûnstie pas om 1770 hinne. Dy leginde foarmet wol de basis fan it alle jierren opfierde spul Der Meistertrunk. Skiedkundigen binne der lykwols wis fan dat dy saneamde Meistertrunk nea plakfûn hat.

Om't de stêd gjin spoarferbining krige bleau yn 'e 19e iuw ek de yndustrialisaasje út. Dêrfoaroer ûntdutsen toeristen al foar de Earste Wrâldkriich Rothenburg.

Ferneatiging fan 'e stêd nei it bombardemint yn 1945.

Yn 'e tiid fan 'e Weimarrepublyk waard de stêd in bolwurk fan 'e nasjonaalkonservative Deutschnationale Volkspartei, dy't yn Rothenburg somtiden wol 80% fan 'e stimmen helle, en letter de NSDAP, dy't by de ferkiezings op 5 maart 1933 83% fan 'e stimmen helle. Noch yn datselde jier sette antysemitysk geweld útein. Noch foar de Kristallnacht waarden yn oktober 1938 de lêste 17 joaden troch SA-ers en Hitlerjonges de stêd útset. Harren synagoge yn 'e Herrngasse waard op 22 oktober plondere en ferneatige.

Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige op 31 maart 1945 flak foar Peaske in Amerikaansk bombardemint de eastlike binnenstêd. Eins wie in oaljedepot yn Ebrach it doel, mar fanwegen de dize dêr waard Rothenburg it ferfangende doel, ek al hie Rothenburg gjin strategysk belang. It bombardemint ferneatige 38% fan 'e gebouwen, mar de âldste gebouwen stiene yn 'e westlike binnenstêd en dêr wie de skea beheind. De weropbou fûn yn 'e jierren 1950 en 1960 plak, neffens in konsept wêrby't sawol rekken holden waard mei de easken fan monumintesoarch as it moderne wenjen.

By Rothenburg hearre ek de doarpkes Bettenfeld, Brundorf, Detwang, Hemmendorf, Herrnwinden, Leuzenbronn, Reusch, Schnepfendorf, Vorbach.

It besjen wurdich (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Marktplatz mei de Sint-Joarisfontein.
  • De midsiuwske stêd is goed bewarre bleaun en hat binnenmuorren en bûtenmuorren mei in wargong en tuorren.
  • Stedspoarten: Klingentor (noarden), Würzburger- of Galgentor (noardeasten), Rödertor (easten), Sieberstor (suden), Spitaltor (1556, suden), Kobolzellertor (Tauberdelling), Burgtor (westen), Weißer Turm (1e. stedsmuorre, noardeastlike toer), Markusturm mei de Röderbogen (1e stedsmuorre, eastlike toer).
  • Spitaalbastion.
  • It riedshûs en it Marktplatz.
  • It Baumeisterhaus oan 'e Obere Schmiedgasse 3 (16e iuw).
  • De 14e-iuwske dûbelbrêge oer de Tauber.
  • It Topplerschlösschen is in lytse letmidsiuwske wentoer oan 'e westlike kant fan 'e Tauber.
  • By de dûbelbrêge stiet oan 'e Weinsteige de letgoatyske kapel fan Us-Leaffrou-fan Kobollzell.
Detail Hillich-Bloedalter.
  • De Sint-Jakobustsjerke is û.o. bekend fanwegen it Hillich-Bloedretabel fan 'e houtfiker Tilman Riemenschneider.
  • Yn it Dominikanerkleaster is hjoed-de-dei it Rothenburgmuseum ûnderbrocht.
  • De Wolfgangstsjerke oan 'e Klingentor is in âlde wartsjerke.
  • De Blasiuskapel is oarspronklik in wengebou fan 'e eardere ryksboarch, mar waard yn 1400 ta in kapel ferboud. Hjoed-de-dei wurde dêr de slachtoffers fan 'e beide wrâldkrigen betocht.
  • De Fransiskanertsjerke is in oarspronklike kleastertsjerke en wurdt tsjintwurdich brûkt as luthersk tsjerkegebou.
  • De Sint-Jehannestsjerke waard boud yn 'e jierren 1390-1410 en wie eartiids in kleastertsjerke en wurdt no brûkt as katolilke tsjerke. Yn 'e tsjerke stiet in belangryk oargel fan Steinmeyer.
  • De eardere spitaaltsjerke is in tsjerkegebou fan 'e lutherske gemeente en datearret fan 1300.
  • Yn 'e Petrus- en Paulustsjerke fan Detwang stiet noch in alter fan Tilman Riemenschneider.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  翻译: