Springe nei ynhâld

Willem de Oermasterder

Ut Wikipedy
Willem op it Tapyt fan Bayeux

Willem de Oermasterder ek wol de Oermasterer [1] (om 1028 - 9 septimber 1087) wie fan 1035 oant 1087 hartoch fan Normandje en fan 1066 oant 1087 as Willem I kening fan Ingelân. Hy waard oant'en mei 1066 Willem de Bastert neamd.

Willem waard berne yn it Normandyske Falaise, om-ende-by 30 km súdlik fan Kaen. Hy wie de bastertsoan fan hartoch Robert de Duvel dy't der fan fertocht waard syn âldere broer fergiftige te hawwen. Sa kaam er oan syn bynamme "De Duvel". De heit fan Willem wie hartoch fan Normandje oant 1035 doe't er op de weromreis fan in pylgerstocht nei Jeruzalem ferstoar.

Willem folge syn heit op as hartoch, eat dat net sa wenstich wie foar in bastertsoan. Lykwols fertsjinne hy it respekt fan de Normandyske eallju doe't hy as jongerein op kriichshaftige wize de slach yn Val-es-Dunes wûn (1047), tichtby Kaen.

Willem oerlibbe as bern ferskate oanslaggen op syn libben en hy groeide op ta in krachtpatser mei de yn dy tiid reuseftige lichemslingte fan 1 meter 75.

Hy troude mei Matilda fan Flaanderen, dochter fan Boudewyn V fan Flaanderen, om 1051 hinne en krige fjouwer soannen (wêrûnder Robert Kurthose, Willem Rufus en Hindrik Beauklerk) en wierskynlik seis dochters, ûnder oaren de letter hillich ferklearre Adela.

Willem ferstoar op 9 septimber 1087 yn it kleaster fan St. Gervais by Rouen as gefolch fan ferwûnings dy't er oprûn hie doe't er by it belis fan Mantes fan syn hynder foel. Hy leit begroeven op it begraafplak fan St. Steven's yn Kaen.

Tiidrek oant 1066

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Robert de Duvel yn 1035 ferstoar wienen der earst reginten dy't foar it sizzen hienen yn Normanje. Eltsenien besocht syn eigen macht te fergrutsjen ten koste fan Willem. Lykwols slagge Willem mei súkses deryn om de opstân fan de eallju te ûnderdrukken. Dêrby krige hy help fan kening Hindrik I fan Frankryk. Yn de rin fan de tiid slagge it Willem om sels syn macht te fergrutsjen.

Willem wie fiere famylje fan Edward de Belider, kening fan Ingelân oant syn dea yn 1066. Edward hie sels gjin bern en soe om 1051 hinne Willem de Ingelske troan tasein hawwe, mar it is allegearre twiveleftich of dat wier is.

Willem wie der foaral op út Ingelân yn hannen te krijen, omdat it lân foar dy tiid in hege beskaving en grutte rykdom kende. Yn de ferskining fan de Komeet fan Halley yn april 1066 seach hy in goed foarteken. Hy riede him goed ta en stiek my skippen it Kanaal oer, dêr't er op 28 septimber 1066 by Pevensey op de Ingelske kust him oan wâl set en op 14 oktober yn de slach by Hastings kening Harold fersloech.

Op 25 desimber waard Willem ta kening kroane. Syn oermastering is it ûnderwerp fan it ferneamde Tapyt fan Bayeux.

Tiidrek nei 1066

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oerwinning hie Willem muoite om Ingelân yn hannen te hâlden en moast ferskate kearen mei hurde hân opstannen delslaan. Dêrby naam hy de besittingen fan rebelske Ingelsen yn besit en joech parten dêrfan yn lien oan syn op bút beluste Normandyske ridders, wêrmei hy it lienstelsel yn Ingelân yntrodusearre. Dizze wurkwize late by de befolking ta grutte ûnfrede en hate tsjin de Normandyske ynfallers.

Yn it opstannige noarden makke Willem om 1070 hinne grutte ferwoastings dy't ta grutte hongersneden late. Fan bûtenôf waard it ryk fan Willem bedrige troch Frankryk, Noarwegen, Denemarken en Skotlân. Troch Willem waarden likernôch tachtich kastielen boud, dêr't de Tower yn Londen it ferneamdst is.

Om de ekonomyske swierrichheden dy't it gefolch wienen fan syn polityk te bestriden, joech Willem opdracht ta it meitsjen fan it ferneamde Domesday Book, in detaillearre administraasje fan ûnder oaren eigendomsrjochten en feebeslaggen.

De Normandjers hawwe in sterke stimpel drukt op it rjocht, de kultuer en arsjitektuer fan Ingelân.

Nei de dea fan Willem yn 1087 waard syn soan Willem Rufus de nije kening fan Ingelân. In oare soan fan him Robert Kurthose waard hertoch fan Normandje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. neamd troch D. Kalma yn "Skiednis fan Fryslân".
  翻译: