Springe nei ynhâld

Yukon (rivier)

Ut Wikipedy
It streamgebiet fan de Yukon
It sreamgebiet detailearder


De Yukon is in rivier yn Kanada en Alaska (Feriene Steaten fan Amearika). It is mei syn 3185 kilometer de op fjouwer nei grutste rivier fan Noard-Amearika. It streamgebiet beslacht 840.000 kante kilometer.

De Yukon ûntspringt yn de Tagishmar op de grins fan Britsk-Kolumbia en it territoarium Yukon en streamt yn in grutte bôge troch Alaska om te mûnjen (yn in brede delta) yn de Beringsee. By it streamgebiet fan de Yukon beheare grutte sydrivieren sa as de Teslin, de Pelley, de White, de Stewart, de Klondike en de Koyukuk.

De Yukon hat in lyts debyt en in regelmjittich ferval. De seldsume streamfersnellingen binne oanlein om stroom te meitsjen. De rivier is fan Fort Selkirk ôf oant Dawson besiedde mei lytse eilannen. Yn Alaska wurdt de rivier breder. De rivier is trije moannen it jier befarber fanôf Whitehorse, de haadstêd fan Yukon (mear as 2800 kilometer).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Yukon River fan Wikimedia Commons.
  翻译: