Springe nei ynhâld

Peloton

Ut Wikipedy
Standertsymboal brûkt troch de NATO om in peloton oan te jaan.
Dizze side giet oer de militêre ienheid peloton. Foar oare betsjuttings, sjoch: peloton (betsjuttingsside).

In peloton is in lytseftige militêre ienheid. It wurd is yn 'e santjinde iuw yn in protte Jeropeeske talen opnommen as in lienwurd út it Frânsk. It komt fan peloton (mei deselde betsjutting), dat ôflaat is fan pelote, in beneaming foar in lytse bal. It efterheaksel -on kin yn it Frânsk in fermearderjende betsjutting hawwe, mar oan 'e oare kant is it ek in ferlytsingsfoarm yn wurden dy't mei bisten te krijen hawwe (lykas in bal makke fan lear?), dat de oarspronklike bedoeling fan 'e gearstalling fan peloton is ûndúdlik. Wol is dúdlik dat it wurd pelote komt fan it fulgêr Latynske pilotta, in ferlytsingsfoarm op basis fan it eardere Latynske wurd pila ("bal").

Pelotons komme foar yn 'e lânmacht en it marinierskorps, mar net by de marine of de loftmacht. De organisaasje fan in peloton fariëarret ôfhinklik fan 'e nasjonaliteit en it wapen fan 'e kriichsmacht. Ornaris bestiet in peloton lykwols út 15 oant 45 manskippen (soldaten of mariniers). Yn 'e Nederlânske Keninklike Lânmacht bestiet in peloton, ôfhinklik fan 'e taak, út 20 oant 50 man, yn 'e Belgyske Lânkomponint fan Definsje út 30 oant 40 man, en yn 'e Amerikaanske Striidkrêften út 39 soldaten of 43 mariniers. Oan it haad fan in peloton stiet almeast in luitenant, dy't in earste of twadde luitenant wêze kin. Trije of fjouwer pelotons foarmje ien kompanjy. In peloton is sels opboud út trije seksjes. In peloton is de lytste militêre ienheid dy't oanfierd wurdt troch in ofsier; seksjes wurde laat troch in ûnderofsier, lykas in sersjant.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  翻译: