Springe nei ynhâld

Positivisme

Ut Wikipedy

Positivisme is de opfetting dat allinnich empiryske wittenskip jildige kennis oplevert. It is in filosofyske streaming dy't har woartels fûn hat yn it sterke foarútgongsleauwe en de autonomygedachte (it sterkst útwurke troch Immanuel Kant) fan ferljochtingstinkers en Frânske Revolúsjonêren. Yn tsjinstelling mei de lêsten, hienen positivistyske tinkers in reformistyske ynstee fan in revolúsjonêre ynstelling.

Auguste Comte, ien fan de grutste eksponinten fan it positivisme

De term tsjut op in filosofy dy't har allinnich op waarnimbere feiten basearret (fergelykje empirisme) en godstsjinstige of metafysyske ferklearrings fan de hân wiist, keppele oan it typyske leauwen yn de foarútgong fan de minskheid yn de rjochting fan in positive, op praktyk rjochte wrâldbeskôging.

Utgongspunt fan it positivisme is dat kennis allinnich mooglik is oangeande de wrâld fan de ferskynsels. De wittenskip wurdt sjoen as de ienige boarne fan jildige kennis en dêrby binne allinnich empiryske waarnmmings en logyske prinsipes fan belang. It positivisme betsjut de ôfwizing fan alle metafysyske filosofy en teology, fan elke normative kennis of etyk en fan alle kennis dy't net sintúchlik kontrolearber is.

Oanhingers fan it positivisme steane op it stânpunt dat by de beoefening fan de filosofy elke metafysika mijd wurde moat. It skaaimerk fan de positive filosofy is dat se alle ferskynsels as ûnderwurpen beskôget oan ûnferoarlike wetten.

Ien fan de earste positivistyske tinkers wie Saint-Simon, folút Claude Henri de Rouvroy, waans ideeën letter fierder útwurke wurde soene ta de wet fan de trije stadia troch syn folgeling Auguste Comte. It positivisme krige ek gehoar yn Latynsk-Amearika. Yn Meksiko leie de positivistyske filosoof Gabino Barreda de basis foar in generaasje fan científicos, positivistyske polityk-ekonomyske adviseurs, en Comtes devys 'Oarder en Foarútgong' waard opnomd yn de flagge fan Brazylje.

Krityk op it positivisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it oarspronklike positivisme bestiet de opfetting, dat alle problemen dy't de misnk sstelle kin, allinnich op te lossen binne mei help fan de wittenskiplike metoade, ofwol troch in berop te dwaan op kontrolearre ûnderfiningsgegevens. Dizze opfetting wie yn de twadde helte fan de 19e iuw wiid ferspraat, en waard fertsjintwurdige troch filosofen as John Stuart Mill, Ernst Mach en Charles Peirce.

Positivisme' yn populêr taalgebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de folksmûle wurdt de term 'positivisme' faak brûkt om in positive (libbens)hâlding oan te tsjutten.

  翻译: