Stephansdom
Stefanusdom
Stephansdom | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Eastenryk | |
dielsteat | Wenen | |
plak | Wenen | |
adres | Stephansplatz | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1230-1474 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | Monumint | |
monumintnûmer | 50321 | |
offisjele webside | ||
Side katedrale parochy |
De Stephansdom op it Stephansplatz is de roomsk-katolike katedraal fan it aartsbisdom Wenen yn de Eastenrykske haadstêd Wenen. De tsjerke is wijd oan Stefanus, de earste martler fan it kristendom. De 107 meter lange en 34 meter hege tsjerke is fral in goatysk monumint, mar besit ek noch romaanske dielen fan de foargonger út 1230-1263. Yn de noardlike tsjerketoer hingje trettjin klokken, dêrûnder ek de Pummerin, de grutste liedklok fan Eastenryk en de op twa nei grutste fan West- en Midden Europa.
De domtsjerke hat fjouwer tuorren. De súdlike toer is mei 136,4 meter it heechst, wylst de noardlike toer nea foltôge waard en net fierder as 68 meter komt. De twa tuorren dy't de westlike noch romaanske gevel flankearje binne 65 meter heech. Yn it doedestiidske Eastenryk-Hongarije wie it ferbean hegere tsjerketuorren te bouwen as de súdlike toer fan de Stefanusdom.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke op de lokaasje waard yn 1147 foltôge en yn dat jier om Pinkster hinne troch de biskop fan Passau Reginbert fan Hagenau ynwijd. Yn dy tiid wie de tsjerke eins fierstente grut en it is dêrom mooglik dat hja doe al fan doel west ha om fan de tsjerke in katedraal te meitsjen. Fan 1230 oant 1245 waard ûnder hartoch Freark II in letromaanske tsjerke boud, wêrfan't de westlike gevel mei de twa saneamde Heidentuorren bewarre bleaun bleaune. Wêr't de namme fan de tuorren op wiist is net dúdlik, mooglik komt it fan de stiennen, dy't fan âldromeinske ruïnes stamden. Neffens in oare ferzje soene de net-kristlike fruchtberenssymboalen Fallus en Vulva op de pylderkes fan de bline nissen yn de westlike gevel ûnder de tuorren ferantwurdlik wêze foar de namme. Boppe de Riesentor ("Reuzepoarte"; in reus soe neffens in leginde holpen ha by de bou) wie eartiids in balkon foar de hartoch. Nei in brân yn 1258 en in nije ynwijing yn 1263 waarden de twa Heidentuorren noch ôfboud.
Under de sûnt 1282 regearjende Habsburgske hartogen sette de goatyske nijbou útein. Tusken 1304 en 1340 ûnstie in grutter koer yn goatyske styl, dy't nei de hartogen Albrecht I en Albrecht II ferneamd waard as it Albertinyske koer. Op 23 april 1340 waard it koer ynwijd, wylst it hallekoer doe ek foar it measte klear wie. Op 7 april 1359 lei hartoch Rudolf IV de earste stien foar de súdlike toer. Mei it doel de status fan de tsjerke fan syn residinsje te ferheegjen liet er yn 1365 it troch him yn 1358 yn de Alderheljenkapel fan de boarch oprjochte kollegiale stift nei de Stefanustsjerke ferhûzje. De proast fan it kapitel joech er de titel "Aartskânsler fan Eastenryk" en ek beneamde er him ta rektor fan de nije universiteit fan Wenen. Sûnt jildt foar it koer it patrocinium fan Alderheljen. Ek de grutte samling fan reliken en it oanlizzen fan in grêfkelder foar de hartogen geane werom op de bouaktiviteiten fan Rudolf IV. Doe't Rudolf hommels ferstoar waard er yn it koer byset. Ek de twa westlike kapellen fan it skip ûnstiene yn syn tiid.
Oant 1407 wie de ûnderbou fan de toer oant it dak fan de tsjerke foardere. De bou rûn yn dat jier fertraging op om 't feroarings troch oare boumasters yn de orizjinele plannen werom draaid waarden. De toer waard werom brocht sa't de alderearste boumaster dy efterlitten hie. Yn 1433 wie de toer lang om let klear. Mei 136 meter hichte wie it oant de foltôging fan de Straasburger Munstertoer yn 1439 de heechste toer fan Europa.
Dêrnei waard der fanôf de toer fierder wurke oan de mei rike maaswurkfoarmen fersierde bou fan it súdlike tsjerkeskip. Yn 1430 wie it wurk al sa fier eine, dat de lêste resten fan de iergoatyske tsjerke ôfbrutsen wurde koene. Oant 1440 waard der ek wurke oan it westlike diel fan de noardlike muorre. Dêrnei waard de earste pylder boud foar de halletsjerke. De foltôging fan de tsjerke fûn neffens in net mear besteand ynskrift yn 1474 plak. Krekt foar dy tiid yn 1469 waard Wenen in bisdom en de Stefanustsjerke tsjinne as katedraal fan it nije bisdom. It troch Rudolf IV stifte kollegiale stift waard no it domkapitel. De domtsjerke waard yn dy tiid ek al foar offisjele gelegenheden brûkt.
Der moast lykwols noch fierder wurke wurde oan de noardlike toer. Yn 1450 wie de earste stien al lein foar dy toer, mar troch politike spannings tusken de keizer en de stêd skeat it wurk net op. Yn 1467 waard it wurk wer oppakt en boumaster Laurenz Spenning stelde twa plannen út: inselde toer as de súdlike of in toer dy't noch likernôch 20 meter heger wurde soe en de tuorren fan Straasburg en Ulm oertreffe soe. Beide plannen waarden nea útfierd, de boumaster sels kaam net fierder as de earste ferdjipping en oare boumasters foegen noch in pear ferdjippings ta oant yn 1513 nei in heale iuw bou it wurk stûke. Yn 1523 waard besocht de toer noch te foltôgjen, mar de Turken sloegen jimmeroan gruttere bressen yn Europa en bedrigen no ek Eastenryk sadat alle omtinken útgyng nei it fernijen en fersterken fan de fêstingwurken fan de stêd. Op de stompe, ûnfoltôge toer folge yn 1578 noch de bou fan in ferdjipping foar klokken mei in renêssânse koepel.
Yn 1683 waard de domtsjerke by it belis fan de Turken troch Turkske kanonskûgels skeind. De efterlitten Turkske kanonnen leveren letter de grûnstof foar de grutste klok fan de dom, de Pummerinklok.
Yn it ramt fan in restauraasje krige it súdlike dak yn de 19e iuw in patroan fan kleurrike tegels mei dêryn de ryksearn fan it keizerryk Eastenryk. Nei't it dakstuolte nei in slimme brân oan it ein fan de Twadde Wrâldkriich wer opboud waard, krige de noardlike kant fan it dak op deselde wize in Eastenrykske bûnsearn en it Weenske wapen.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domstjerke wist de bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich en de gefjochten yn de stêd sûnder grutte skea te oerlibjen. Op 6 april 1945 sloech lykwols in bom troch it ferwulft fan it súdlike sydskip, in foarboade fan wat noch mear komme soe. Doe't op 10 april 1945 de wite flagge oan de toer hongen waard, feroardene de Stadtkommandant Sepp Dietrich it befel de dom mei in fjoerslach fan 100 granaten mei de grûn lyk te meitsjen. Wehrmachtshauptmann Gerhard Klinkicht (1915–2000) wegere dat befel út te fieren en in plakette betinkt dy redder fan domtsjerke.
Yn 'e nacht nei 12 april 1945 baarnde it larikshouten dakstuolte en de klokketoer fan de domtsjerke hielen ôf respektivelik út. Hiel lang waard it ferhaal opdisse dat de Russen de domtsjerke yn 'e brân skette hiene, wylst oaren ha woene dat it Dútske besjittings west hiene. Tsjûgen wisten lykwols dat de brân fersoarsake wie troch plonderjende minsken, dy't yn omlizzende gebouwen fjurkes oanstutsen hiene werfan't fonken op de domtsjerke telâne kamen. Earder hiene gefjochten gatten yn it dak makke en troch dy gatten kamen de smeulende fonken yn it dakstuolte en feroarsaken dêrmei de brân. Gefjochten en stikkene wetterliedings makken it dwêsten noch dreger. Dy nachts stoarte yn de noardlike toer de op ien nei grutste klok út 1472 nei ûnder yn it dwersskip, dêr't it 13e iuwske Wimpassinger Krús hong, dat folslein ferlern gyng. Oan it ein fan de middei fan 12 april 1945 stoarte de baarnende klokketoel mei de Pummerin dwers troch it ferwulft fan de legere ferdjipping, wêrfan't de brokstikken it Befrijingsmonumint fan de Turken fernielden. Ek oare klokken fan de súdlike Heidentoer stoarten del. Nei't fonken troch in iepening yn it ferwulft op it oargel twirren, baarnde ek it monumintale Walcker-oargel fan 1886 ôf. It koeroargel, de keizerslôzje en in weardefol goatysk koerstuolte waarden troch it fallende pún fan delstoartende gewelven en baarndende dakbalken ferneatige. It grêfmonumint fan Freark III bleau bewarre om't it op 'e tiid ynmitsele wie. Yn novimber 1947, mear as twa jier nei it ein fan de kriich, bejoegen ek de noch besteande gewelven fan it súdlike koer it. De weropbou fan de domtsjerke koe mei tank oan golle jeften fan de befolking fuort nei de kriich wer útein set wurde. Yn 1950 hie de dom wer in dak en twa jier letter koe de dom mei de yntocht fan in nije Pummerin-klok wer iepene wurde.
Portalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Riesentor (Reuzepoarte) oan de westlike kant fan de dom is it haadportaal dat tusken 1230 en 1250 yn romaanske styl boud waard. It is mei de gevel ist âldste diel fan de katedraal. De namme ferwiist mooglik nei in bonke fan in mamoet dat lange tiid boppe it portaal hong en foar in bonke fan in reus oansjoen waard. In oare ferklearring is dat de namme werom giet op it middelheechdútske wurd risen ("sinke", "falle"), dat mooglik betrekking hat op de trechterfoarm fan it portaal. Oan de bûtenmuorren binne stiennen bylden te sjen lykas liuwen en in sittend figuer. Oan wjerskanten fan it portaal steane sân fersierde pylders mei op de kapitelen figueren fan apostels en hilligen. It timpaan boppe de tagong is mei Kristus yn in mandorla as Wrâldhearsker fersierd.
- Rjochts fan de Riesentor leit op de súdlike kant fan de dom de Singertor. It portaal wie ornearre foar de koarsjongers en tagelyk de tagong foar manlju. It portaal datearret út 1360 en is fersierd mei bylden fan apostels. It ryk fersierde timpaan toant de libbenskiednis fan de hillige apostel Paulus. Lykas by de Bischoftstor steane hjir de bylden fan hartoch Rudolf IV en syn frou Katarina fan Bohemen. Njonken de Singertor is bûten it goatyske grêfmonumint fan de minnesjonger Neidhart.
- De Bischofstor leit lofts fan de Riesentor oan it bejin fan de noardlike kant fan it tsjerkeskip. De poarte tsjinne as tagong foar biskoppen, dy't harren paleis foar de poarte oer hawwe. It wie dêrnjonken ek de tagong foar froulju. De bou fan de poarte fûn tagelyk plak mei de Singertor. It timpaan toant foarstellings út it libben fan Marije en oars as by de Singertor steane hjir froulike hilligen oan de muorren opsteld. Ek binne hjir de bylden fan hartoch Rudolf IV (rjochts) en syn frou Katarina fan Bohemen (lofts) te sjen. Yn it portaal is de Kolomanistein ynmitsele, in diel fan de stien dêr't neffens de oerlevering de hillige Koloman op fermoarde waard.
- De goatyske Adlertor is in breed oanlein portaal. It yn ferhâlding súnich mei byldhoukeunst fersierde portaal leit op de noardlike kant fan it skip ûnder de noardlike toer en eastlik fan de Bischofstor. De namme tanket de poarte oan de noardlike toer, dêr't eartiids de dûbelkoppige earn as symboal fan it Hûs fan Eastenryk op de koepel stie. It goatyske Marijebyld datearret fan de 17e iuw. Oan de loftse pylder fan de poarte is in izeren katrol oanbrocht, dy't ek no noch te draaien is. Troch dy katrol oan te reitsjen koene ferfolge minsken harren ûnder de beskerming fan de Tsjerke sette.
De nei de Fransiskaan Jehannes Kapistranus ferneamde goatyske preekstoel op de hoeke fan it noardlike koer waard tusken 1430 en 1450 boud. Eartiids stie de kânsel op it tsjerkhôf. Kapistranus wie yn 1451 yn Wenen en hold doe foar in grutte mannichte 32 preken fanôf de kânsel. Paus Aleksander VIII ferklearre Kapistranus yn 1690 hillich en mei it tanimmen fan de ferearing fan Kapistranus waard de kânsel yn 1737 restaurearre en ferhûze op it plak by de domtsjerke. Boppe de kânsel waard in barokke opset makke mei in byld fan de hillige, dy't op in fallen Turk stiet.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke is trijeskippich. It lofter sydskip hat in Marijeprogramma, wylst it rjochter sydskip oan de apostels wijd is. De oarspronklike midsiuwske ynrjochting is allinne fragmintarysk bewarre bleaun, om't it ynterieur yn de baroktiid hielendal feroare waard.
Alters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske haadalter is in ierbarok keunstwurk fan moarmer en stien. Foarstbiskop Philipp Friedrich Breuner joech op 1 maart 1641 opdracht ta de bou, om't it goatyske houten fleugelalter fermôge wie. It alter wurdt bekroand mei in byld fan de Immaculata. Bouwer fan it alter wie Johann Jacob Pock, dy't byldhouwer en arsjitekt wie. Syn broer Tobias Pock makke it 28 m² grutte skilderij mei de foarstelling fan it stiennigjen fan de hillige Stefanus. Op de eftergrûn is in grutte kliber oare hilligen te sjen, in ferwizing nei it patrocinium fan de Alderheljen. Op 19 maaie 1647 waard it haadalter ynwijd.
Oan de pylders en yn de sydskippen binne noch in grut tal oare alters. Foar de domtsjerke makke Tobias Pock letter ek it alterblêd fan it Petrus- en Paulusalter, stifte troch it stienhouwersgild en it op ien nei âldste barokke alter fan de dom.
Tige belangryk is in goatysk fleugelalter út 1447 mei foarstellings fan de Jongfaam Marije. It alter kaam pas yn 1883 yn de dom en stie oarspronklik yn it Stift Neukloster yn Wiener Neustadt.
Under it letgoatyske baldakyn fan Jörg Öchsl stiet sûnt 1945 it genedebyld Maria Pócs. It komt oarspronklik út it doedestiidske Pötsch en it tsjintwurdige Máriapócs (Hongarije). De ikoan soe op mirakuleuze wize gûld hawwe en it soe de keizerlike troepen holpen hawwe yn de kriich tsjin de Turken. Keizer Leopold I liet it yn 1697 nei Wenen helje, dêr't it in doe plak krige op it heechalter.
Preekstoel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In oar letgoatysk masterwurk is de kalkstiennen preekstoel, taskreaun oan Anton Pilgram It ûntwerp wurdt lykwols tsjintwurdich earder mei Niclas Gerhaert fan Leyden yn ferbining brocht. Oan de kûb de portretten fan de fjouwer tsjerkfaars, wylst de trep dekorearre is mei kikkerts en oare amfibiën. Under de trep is in de finstergljurker, it selsportret fan in ûnbekende master.
Madonna fan 1320
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It genedebyld fan de saneamde Dienstbotenmuttergottes, in Madonnabyld, datearret fan 1320. It stie ea yn de hûskapel fan in rike Weenske grevinne. Doe't hja neffens it ferhaal op in dei in parelketting kwyt wie, miende hja dat de faam har bestellen hie. It ûnskuldige famke rûn gûlend nei de kapel, foel op 'e knibbels en frege Marije om help. De grevinne hie yntusken de wachtmaster komme litten om de faam op te pakken, mar doe't hy har sa seach joech er opdracht om dochs alle kasten en keamers fan it persoaniel noch mar ris te ûndersykjen en it dêrby die it bliken dat de ketting stellen wie troch ien fan de hynstefeinten.
Grêfmonumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grêfmonumint fan Freark III yn it súdlike koer waard yn 1463 troch de Nederlânske byldhouwer Niclas Gerhaert fan Leyden makke en is ien fan de belangrykste keunstwurken út de lette midsiuwen yn de dom. Niclas makke sels de 8 ton swiere grêfplaat mei in foarstelling fan de keizer yn fol kroaningsornaat. Nei syn ferstjerren yn 1473 foltôgen oaren it grêfmonumint neffens syn ûntwerp. De balustrade om de sarkofaach hinne telt 54 bylden en byldsjes en waard tusken 1495 en 1513 makke troch Michael Tichter.
Kapellen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de dom binne ferskillende kapellen, dy't keunsthistoarysk fan belang binne. Oan de westlike kant fan de dom binne fjouwer kapellen, dy't op de goatyske útwreiding ûnder hartoch Rudolf IV op de twadde helte fan de 14e iuw werom geane en oan it begjin fan de 15e iuw foltôge waarden. Twa dêrfan lizze yn de noardwestlike (loftse) hoeke en twa op de súdwestlike (rjochter) hoeke fan de domtsjerke.
- Lyk mei de flier binne dat de Krús- of de Prins Eugenius-kapel (begraafplak fan Eugenius fan Savoye) en de Eligiuskapel.
- Op de earste ferjipping fan dy twa kapellen binne noch twa kapellen: de Valentyn- en de Bartoloméuskapel.
Twa oare goatyske kapellen lizze elts eastlik fan de twa goatyske haadtuorren fan de dom: de Katarina- of Doopkapel en de Barbarakapel. Yn de 1395 ynwijde Katarinakapel stiet it doopfont út 1481. It doopfont hat in achthoekige foet mei in fjirtjinsidich bekken en in sânhoekige kroan. Op letgoatyske wize wurde de sân sakraminten, de evangelisten en foarstellings út it libben fan Kristus foarsteld. De yn 1447 ynwijde Barbarakapel hat hingjende slútstiennen en in letgoatysk krús út 1470. Yn de balken fan it krús is in relykhâlder set mei jiske út it konsintraasjekamp Auschwitz en ien mei ierde út Mauthausen. Yn de kapel is ek in buste fan de sillige martleres Maria Restituta Kafka, slachtoffer fan it nasjonaalsosjalisme.
Foar de Barbarakapel oer is yn de hal fan de toer de orizjinele Man fan Smerten. It goatyske byld hie eartiids syn plak bûten de dom oan it koer, mar sûnt 1960 dêr ferfongen troch in replika.
-
Krúskapel
-
Doopfont'
-
Katarinakapel
-
Valentynkapel
-
Barbarakapel
-
Replika Man fan Smerten bûten de dom
Ramen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De midsiuwske ramen gyng yn de barokke tiid ferlern om't yn dy tiid in ljochte tsjerke mear yn de moade wie. Yn de 19e iuw krige de tsjerke wer bûnte brânskildere ramen, mar dy gyngen yn de Twadde Wrâldkriich troch bommen en brân ferlern. De tsjintwurdige ramen binne ienfâldich en skonken troch de dielsteat Tiroal. Allinne de finsters efter it haadalter hat noch midsiuwsk glês, dat yn de 19e iuw oanfolle is. It brânskildere raam fan it roasfinster efter it haadoargel is modern.
Fan de histoaryske ramen bleau ek in diel fan it finster yn de Bartoloméuskapel bewarre. It glês stamt út de 14e iuw. 40 finsters waarden yn 1887 doedestiids oan it museum yn Wenen oerdroegen. Yn 2011 waard in earste finster oan de dom werom jûn. It is it doel om ek de rest fan de ramen wer op it histoarsyke plak werom te setten.
Katakomben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de domtsjerke leit in grut kompleks fan likernôch 30 grêfkeamers. Yn it loftse sydskip en oer de Krúskapel is de tagong. De katakomben geane werom op de foarstlike krypte dy't Rudolf IV yn 1363 oanlizze liet en tsjinwurdich as Herzogsgruft oantsjut wurdt. Under Maria Teresia waard de krypte foars útwreide.
Sûnt it sluten fan it domtsjerkhôf yn 1732, waarden fanôf 1745 nije ûnderierdske grêfkelders groeven dy't net mear allinne ûnder de dom, mar ek ûnder it plein fan de dom lizze. Mear as 10.000 minsken fûnen dêr harren lêste rêstplak. De praktyk waard yn 1783 troch keizer Joazef II ferbean. Yn de 20e iuw waarden meardere grêfkelders troch de bou fan in ûndergrûnske garaazje fernield. In diel fan de katakomben kinne yn it ramt fan in rûnlieding besichtige wurde.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke hat trije oargels:
- It eardere haadoargel waard yn 1960 boud troch Johann Marcellinus Kauffmann. It hie 125 registers op fjouwer manualen en pedaal en besiet sa'n 10.000 pipen. It troch de Bûnsrepublyk Dútslân skonken oargel wie doe it grutste oargel fan de Republyk Eastenryk, mar it foldie net troch't de materjaal nei de kriich net fan goede kwaliteit wie en it rekke yn 1991 bûten gebrûk. Yn 2017 waard de opdracht oan de firma Rieger jûn om efter de oargelkas fan Kauffmann in nij ynstrumint te bouwen. It ynstrumint hat 130 registers op fiif manualen en pedaal. Likernôch de helte fan it Kauffmann-oargel waard op 'e nij brûkt.
- De oargelboufirma Rieger boude foar de dom yn 1991 it saneamde domoargel dat oan de muorre fan it súdlike sydskip stiet opsteld. It hat 55 registers op fjouwer manualen en kin ek sûnt de renovaasje fan it haadoargel ek fanút it haadoargel oanspile wurde.
- Yn 2009 yn it Haydn-jier boude Rieger foar de dom in lytser oargel mei tolve registers op twa manualen en pedaal. Ta oantinken fan Franz Joseph Haydn en syn broer Johann Evangelist, dy't yn de dom in oplieding krigen, wurdt it ynstrumint Haydn-oargel neamd. It Haydn-oargel hat gjin fêst plak.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|